Skriuwe yn Fryslân, in takomstperspektyf

REDAKSJE –

Fryske skriuwers krije it hieltyd dreger. De kâns dat in útjouwer in boek oppikt, wurdt lytser en lytser. Utjouwerijen en boekhannels hawwe te krijen mei weromrinnende ferkeapen. Dêr binne meardere oarsaken foar, sa as technologyske ûntjouwingen dy’t de online boekferkeap en it e-book mooglik makke ha, it grutter ferskaat oan frijetiidsmooglikheden dy’t de hjoeddeistige minsk hat en dy’t mei ferantwurdlik achte wurde foar de ‘ûntlêzing’. Dêr komt de resesje nochris boppe-op en de dêrmei gearhingjende koartingen op subsydzjes. Dêrneist fergrizet it lêzerspublyk, yn Fryslân mooglik noch sterker as yn Nederlân. Wêrom soe ien dan noch Frysk skriuwe wolle? En hoe kin men der foar soargje dat sa’n boek by’t eintsjebeslút by de lêzer telâne komt?

Ast Fryske skriuwers fregest werom’t se yn it Frysk skriuwe, jouwe se meastentiids emosjonele redenen op: se kinne har gefoel der goed yn útdrukke, it bekt sa moai, sa oars as it Nederlânsk. Hylke Speerstra priizget bygelyks ek it boerekarakter fan it Frysk en pleitet derfoar om ticht by dy oarspronklike krêft te bliuwen. Mar leit dêr it behâld fan it Fryske boek?


Libbenssyklus fan in Frysk boek

De Fryske skriuwer fan hjoed-de-dei ferkeapet inkelde tsientallen oant in pear hûndert eksimplaren fan in titel. Der binne in pear dy’t nei ferrin fan tiid de 1000 helje en in inkeling ferkeapet sels noch wat mear. De Ljouwerter krante besprekt yn sa’n 300 oant 800 wurden in roman, dichtbondel of non-fiksjeboek. Somtiden komt dêr in besprek yn it Friesch Dagblad by, faak wat langer, meast ek fan in hegere kwaliteit. De Omrop besteget ek noch wolris in pear wurden oan in boek yn in praatprogramma, al sit dêr mei de start fan in lêsklup beslist ûntjouwing yn. In inkelde kear wurdt der foardroegen yn in bibleteek of op in oar plak, mar dêrnei bliuwt it stil. It boek is al gau net mear te finen op dy pear plankjes yn ‘e boekhannel en neibestellingen bliuwe út. As it twa- of fjouwerjierlikse prizesirkus begjint, wurde fergetten titels ôfstoffe en opnij besprutsen – benammen op weblogs.  It is de fraach oft dat altyd like soarchfâldich bart en oft sa’n boek dan yndie goed lêzen is. Dêrnei ferdwynt it boek definityf yn de argiven fan blogs en bibleteken. Gjin libbenssyklus om oeral fan te reitsjen, foaral sjoen it feit dat de skriuwer meastal jierren oan it manuskript wurke hat.


Hjoeddeiske ûntjouwingen

De digitalisearring hat grutte gefolgen foar de boekewrâld, benammen op it mêd fan distribúsje. De tradisjonele keten fan skriuwer nei útjouwer nei boekhannel nei lêzer wurdt geandewei ferbrutsen. Boeken wurde faker fia ynternet-oanbieders as Bol.com of Amazon ferkocht en ek hieltyd mear yn de foarm fan in e-book. Dat hat grutte konsekwinsjes yn de boekebransj: boekhannel Selexyz stiet op springen en útjouwerij De Arbeiderpers moat by Bruna ynlûke om te oerlibjen. De gefolgen binne ek yn Fryslân merkber. Boekhannels meitsje minder romte foar de presintaasje fan it Fryske boek en it ûntbrekt de measten oan kennis fan wat der ferskynd is en wat op priemmen stiet.

Ek de Fryske útjouwers hawwe it dreech. De merk is al net grut, wurdt ek al mar lytser. Friezen wurdearje oare frijetiidsmooglikheden mear, sa liket it alteast – sels al is de behearsking fan it Frysk net ôfnaam, as we de quickscan fan de provinsje leauwe meie (sjoch de nije Taalatlas 2011 op www.fryslan.nl). Hoe dan ek nimt de belangstelling foar it Fryske boek ôf, benammen op it mêd fan de literatuer. Dêrneist hawwe útjouwerijen amper finansjele mooglikheden om te advertearjen yn bygelyks de Ljouwerter of op Omrop Fryslân, twa wichtige media yn Fryslân.
Dit alles betsjut dat de rendeminten lyts binne, wat makket dat tsjinfallers ekstra hurd oankomme. In konkreet foarbyld: it ferdwinen fan de Sutelaksje skeelt in útjouwer jierliks 15 oant 20 persint omset. Dat is in grut gemis, noch los fan it ferlies fan in flink netwurk oan frijwilligers, dy ’t har belangeleas ynsetten foar it Fryske boek. Allegear o sa wichtige aktive lêzers.

It rommelet dan ek yn de Fryske útjouwerswrâld. De Friese Pers Boekerij is mar krekt rêden, Venus en de Koöperative Utjouwerij binne ferdwûn. Bormeer en de Afûk bliuwe wol Frysktalige boeken útjaan, mar binne folle foarsichtiger wurden. Krekt omdat de mooglikheden om de merk te fergrutsjen lyts binne en de belangstelling foar oersettingen fan Frysktalige boeken sa mooglik noch beheinder is. It betsjut dat de measte útjouwers kieze foar in breed assortimint fan fiksje en non-fiksje, om op dy manier net alhiel ôfhinklik te wurden fan subsidiearring of sponsoring. Ek stiet de ferhâlding Frysk-Nederlânsk by de measte útjouwerijen ûnder druk. Oft dit allegear genôch opsmyt om te oerlibjen, bliuwt sjoen de gruttere maatskiplike ûntjouwingen de fraach.
Dochs binne der wol nije ûntjouwings yn Fryslân te finen, lykas it audioboek (útjûn troch Jan Schotanus) en witte lytse útjouwerijen lykas Frysk en Frij en De Hispel harren noch altyd te hanthavenjen. Meast opfallende nijkommer is dochs de printing on demand-útjouwerij Elikser fan Jitske Kingma, dy’t yn in koart skoftsje tiid in hege produksje helle hat mei tsientallen titels. Krekt troch dy grutte oantallen titels yn lytse (diel)merken del te setten, hellet se ridlike omsetsifers.
Al mei al twinge dizze ûntjouwingen de Fryske útjouwers better nei te tinken oer har oanbod, oer hokker skriuwer se al of net útjouwe.

Takomst?
Sa as sein, it liket derop dat de rol fan de útjouwer en de tradisjonele boekhannel feroarje sil. Mar hoe moat it fierder mei de Fryske skriuwer, dy’t mei hert en siel yn syn of har boek sitten hat en neat leaver wol as in lêzer fine foar syn wurk? Dat sil ynventiviteit freegje, persoanlike belutsenheid en entûsjasme. De notiidske skriuwer sil in relaasje oangean moatte mei de Fryske lêzers. Dat dogge de measten al troch foar te lêzen yn bibleteken en op festivals. It berik dêrfan is lykwols net grut en it bliuwt by ynsidinteel kontakt.
It binne de sosjale media dy ’t nije mooglikheden biede op dat mêd en dêrom hieltyd wichtiger wurde. Se binne in ûnmisbere skeakel wurden tusken boek en lêzer of tusken skriuwer en lêzer, mei as foardiel dat de skriuwer sels gruttere ynfloed útoefenje kin op syn eigen ferkeap, bygelyks troch in eigen community te kreëarjen en dêryn in aktive rol te spyljen. Guon skriuwers hawwe dy al, Joop Boomsma kin neamd wurde as in earste foarbyld, Huub Mous en Abe de Vries binne noch altyd aktyf, neist jongere skriuwers as Meindert Talma en Tsead Bruinja. Ek útjouwers kinne gebrûk meitsje fan datsoarte strategyen. En net yn it lêste plak: literêre tydskriften.

It literêre tydskrift as yntermediair
de Moanne wol foar de takomst graach oanslute by trends as dizze. Yn de lêste jierren hawwe wy besocht it tydskrift te ferbinen mei it kulturele fjild, mei skriuwers, keunstners, sjoernalisten, wittenskippers en oare entûsjaste minsken, troch har romte te jaan om harsels sichtber te meitsjen foar in ynteressearre lêzerspublyk, yn de foarm fan eigen wurk, ynterviews, portfolio’s en besprekken. Troch it organisearjen fan Moanne-jûnen bringe wy minsken ek konkreet by elkoar, sadat minsken ek mei elkoar yn petear – en sa noadich diskusje – gean. Ek op ynternet soene wy graach mear romte kreëarje foar kontakt en diskusje oer alles wat mei de Fryske literatuer en kultuer yn Fryslân te krijen hat. Wy sjogge mei oare wurden it literêre tydskrift as nije yntermediêr tusken skriuwer en lêzer, mei as doel boeken, ferhalen en gedichten dêr’t wy yn leauwe, oer te dragen en de bân tusken skriuwer en lêzer sterker te meitsjen.

Rêding fan it Fryske boek?
Is it Fryske boek dêrmei rêden? Nee, mar it tinken yn ynteraksje draacht wol by oan de dynamyk fan it literêre – en kulturele fermidden dêr’t skriuwer en lêzer elkoar yn fine en stimulearje. Derby oanjage troch útjouwers en literêre tydskriften, yn gearwurking mei oare kulturele ynstellingen.
En, it draait by ’t eintsjebeslút foaral ek om content, om ynspirearjende ynhâld. Want fansels hat Speerstra gelyk, der sille goeie boeken, ferhalen en poëzij skreaun wurde moatte. Boeken dy ’t reitsje, werkenber binne en útdage. Wat ús oanbelanget hoecht dat gjin fertroude kost te wêzen, goeie literatuer is universeel. Skriuwer en lêzer moatte elkoar fine yn de krêft fan wat literêre keunst te bieden hat: it dielen fan besteande en nije wrâlden, emosjoneel, yntellektueel of spiritueel. Skriuwer en lêzer soene ûnskiedber mei elkoar ferbûn wêze moatte yn it kreëarjen fan ferrykjende ûnderfiningen. As de Moanne dêroan in bydrage leverje kin – as literêr platfoarm en yntermediêr – en dêrby tagelyk foar ferdjipping soargje kin, sille wy dat graach dwaan. Dat it dêrby gean moat om kwaliteit en profesjonaliteit stiet foar ús as in peal boppe wetter.

Sa’n takomstbyld kin fansels allinnich mar ta stân komme troch bydragen fan skriuwers en lêzers. En fan al dy meiwurkers fan oare kulturele, literêre en wittenskiplike organisaasjes dêr ’t wy graach mei gearwurkje. Want ek wy moatte tajaan dat it dreech is om ynfolling te jaan oan alle winsken fan de redaksje. Sa misse wy benammen besprekkers fan poëzy en proaza en oare keunsten. En ek serieuze opinymakkers en ûndersyksjoernalisten binne dreech te finen. It krityske discours yn Fryslân is meastentiids ryk oan opinys en emoasjes, mar wolris earm oan djipgeande, analytyske krêft. Miskien hat men wol kennis fan nasjonale en ynternasjonale gebeurtenissen, op hokker mêd dan ek, mar men nimt amper diel oan it publike debat. Dêrneist wolle wy graach fan ús lêzers hearre wat se graach yn de Moanne fine soenen. Dat lit dit stik fuortendaliks in oprop wêze. Oan skriuwers en oan lêzers, lit fan jim hearre!

Tink skerp en skriuw goed. En lês!

De redaksje

Comments
Ien reaksje oan “Skriuwe yn Fryslân, in takomstperspektyf”
  1. Abe schreef:

    “Ek op ynternet soene wy graach mear romte kreëarje foar kontakt en diskusje oer alles wat mei de Fryske literatuer en kultuer yn Fryslân te krijen hat. Wy sjogge mei oare wurden it literêre tydskrift as nije yntermediêr tusken skriuwer en lêzer, mei as doel boeken, ferhalen en gedichten dêr’t wy yn leauwe, oer te dragen en de bân tusken skriuwer en lêzer sterker te meitsjen.”

    De redaksje docht krekt as is hjir ferlet fan. As ik my net fersin, bestiet der sokssawat as ensafh. En earder farsk. En earder Kistwurk. Allegear prominint oanwêzich (west) op ynternet as “platfoarm”.

    It stikje jout de yndruk dat de Moanne alfêst in sprintsje ynset hat om de lêste subsydzje-euro’s op de boaiem fan de Letterenfûnspot binnen te heljen, spitigernôch op kosten fan ensafh.

    Mar ja, dêr binne se op ’t heden op fakânsje.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.