40 jier Tryater mei de grutte kwast   

Publisearre op 21 september 2005

ANTINE ZIJLSTRA –  

As der ien bekend is mei de skiednis fan Tryater dan is it Bouke Oldenhof, skriuwer, dramaturch, oersetter en bewurker fan toaniel. Hy wurke oan in grut tal stikken dy’t Tryater op ‘e planken brocht, skreau it jubileumboek doe’t Tryater 25 jier bestie en wie belutsen as adviseur of klankboerd foar de artistyk lieders fan 1982 ôf. In petear oer de artistike ûntjouwing fan Tryater yn de ôfrûne 40 jier. En oer syn skriuwerskip.

 

Profesjonalisearring

‘Ast de ûntjouwing fan Tryater yn dy fjirtich jier yn ien wurd fange wolst, is dat wurd ‘profesjonalisearring’. Yn 1963 ûnstie by it Frysk Nasionael Boun de ambysje om it semy-beropstoaniel oars oan te pakken. It woe net mear allinne stikken meitsje foar it feesttinte-publyk, mar ek mear ynhâldlike stikken. Der moast kwaliteit komme. In wat bettere regisseur, wat bettere spilers, wat better repertoire. En jild, want dat kaam oan dan ta krekt fan dy feesttinten. Dat dat ek slagge, is mei klam oan de Fryske Beweging te tankjen. Se seagen yn toaniel in ultime kâns om in in breder draachflak foar it Frysk te kreëarjen, om it Frysk te emansipearjen. Yn in sfear fan selsbetrouwen – de neiklappen fan Kneppelfreed – en de nije neioarlochske rykdom seagen se har kâns. Yn 1965 wie Tryater in feit. Yn 2005 is Tryater ien fan de meast profesjonele toanielorganisaasjes fan Nederlân.

 

In ferhaal fan artistyk lieders

Dy ûntjouwing hat net yn ien kear pleatsfûn. Doe’t Pyt van der Zee as earste artistyk lieder by Tryater begûn, hie it – sis mar – sa’n tsien jier achterstân op it Nederlânske toaniel. Van der Zee hat der in breed droegen selskip fan makke. Doe ’t Thom van der Goot it stokje oernaam wie der noch twa jier achterstân. Van der Zee hie by wize fan sprekken de wein makke, Van der Goot koe der in truck foar sette en oansluting fine by it Nederlânske toaniel. En finansjele stabiliteit.

Doe’t Guido Wevers begûn, wie de organisaasje sa profesjoneel dat it in eigen artistyk gesicht krije koe. Wevers socht dat benammen yn it aktuele folksteater; groteske, humoristyske, net-yntellektuele foarstellings mei eigentydske tematiken. It ensemble makke dêrmei in kwaliteitsslach. De feint fan twa masters hat elkenien it noch oer.

Syn opfolger Peter te Nuyl fielde him fan alle artistyk lieders it meast ferbûn mei de Fryske taal en de tradysje. Dat blykt benammen út De ûndergong fan Fryslân, dat er skreau en regissearre. De perioade fan syn artistike lieding wurdt meast sjoen as mislearre, mar dat is oan in werwurdearring ta. Gjinien fan ‘e oare artistyk lieders hie sa ’n grutte yntellektuele leafde foar it Fryske toaniel. Dat wie tagelyk wat him opbruts. By dy yntellektualiteit lei nammentlik de grins fan it Fryske publyk. De minsken werkenden har net mear yn ‘e stikken. Yn myn eagen is net dêrom Peter te Nuyl mislearre, mar yn de kommunikaasje mei it publyk. Dat dat barde hat alles te krijen mei it spesifike fan it Fryske publyk; dat der in beheining is yn opliedingnivo. Gefolch wie dat it publyk fuortbleau en Tryater mei opheffen bedrige waard.

Nei in koarte perioade fan Wyld West waard Jos Thie as artistyk lieder oansteld. Troch foargeande ûnderfinings wist er krekt wat him te dwaan stie. Thie makke de yntellektuele kar foar net-yntellektueel teater. Mei tematiken dy’t oanslueten by de regio. Dat, keppele oan syn organisatoarysk talint, makke dat Tryater de fuotten wer ûnder it gat krige en sukses hie. De ympact fan Abe! moat dêrby net ûnderskat wurde. Dat joech in nije ympuls, in nij publyk, in nij elan.

Hans Man in’t Veld stiet no foar de útdaging om nije ynhâlden en nije tematiken te finen. Hy siket oansluting by de kreativiteit fan ‘e akteurs ynstee fan by de regisseur of de skriuwer. In foarbyld dêrfan is Rolling home. Man in ’t Veld wurket dêrneist oan ferjonging fan it ensemble.

 

Mei de grutte kwast

Oft de kwaliteit fan de foarstellings yn dy 40 jier omheech gien is? By Tryater giet it net fuort om losse foarstellings. It publyk giet nei Tryater. Der is in konstante hege kommunikaasje tusken it selskip en it publyk. De kwaliteit fan de foarstellings is dêr in ûnderdiel fan. De kar foar de manier fan spyljen past ek by it karakter fan it publyk.

It Nederlânske teater hat yn haadsaak in yntellektuele tradysje. Yn Fryslân wurket dat net, sa hat Peter te Nuyl oantoand. Dêrom wurde de foarstellings fan Tryater mei de grutte kwast makke, net mei it fine palet. Der wurde regisseurs oansocht dy’t op dy manier wurkje. Dat soe wol oars kinne. Dat bewiist Rolling home. Dat is mei geduld, ynfielend en fan in persoanlike ynteresse út makke. En krekt dêrom faaks suksesfol.

 

Histoarje of takomst

Fansels hat it sukses fan Rolling Home ek alles te krijen mei it weromsjen, de histoarje. De Friezen ûntliene har identiteit oan har histoarje, net oan har takomst. Dat sjochst ek by de Fryske Beweging. Dy hat gjin takomstdream, hoe yrreëel ek.

De artistyk lieders fan Tryater meitsje gjin diel út fan de Fryske kulturele elite. It binne gjin Friezen en meist net fan har ferwachtsje dat se har de Fryske kultuer sa gau eigen meitsje. Se binne mar tydlik oan it selskip ferbûn. De artistyk lieders binne ferantwurdlik foar it meitsjen fan toaniel. En foar in lange-termynfizy dêrop. Alle artistyk lieders dy’t Tryater hân hat, hiene dêr goed útwurke ideeën oer. De fizy fan Peter te Nuyl wie teoretysk it bêst útwurke. Pyt van der Zee wie hiel pragmatysk; wêr lizze de measte kânsen? Sa wurke Jos Thie ek.

De ferantwurdlikens foar de Fryske taal en kultuer leit by de minsken fan it bestjoer en yn ‘e organisaasje fan Tryater. Dat is de fêste kearn. En breder; by de Fryske elite. Mar dy litte it sitte, dy binne tefolle rjochte op de pragmatyske koarte termyn en te min op de lange termyn fan de – yn myn eagen – hiel hurd feroarjende taalsitewaasje.

Dat it bewustwêzen fan de taalsitewaasje yn Fryslân sa min is, hat te krijen mei de persepsje fan ‘e werklikheid. Earder pratest of Frysk of Nederlânsk yn Fryslân. Troch de komst van de televyzje is elkenien twatalich wurden. Dêrmei is de tsjinstelling ferskood fan Frysk – Nederlânsk nei ien- of twatalichheid. It probleem is dat dit de persoanlike bining de taaloerdracht net mear sa sterk garandearret as eartiids. Mar dat wurdt net ûnderkend. Der binne twa oarsaken foar de minne taalsitewaasje. Skaalfergrutting, benammen yn mobiliteit. En de slagge emansipaasje fan it Frysk. Noait wie de ferbûnens mei it Frysk sa grut as doe’t de taal diskriminearre waard. Tink oan Kneppelfreed. Ik leau hiel sterk dat it ûnfermogen om wat te wêzen, bepaalt wat jo wêze wolle. Us rykdom, op alle mêden, liedt ta ûnferskilligens. We jouwe niks om ús monuminten, ús skiednis, oare minsken. Ik leau lykwols net dat in fan boppen opleine fizy feroaring bringe kin.

Toaniel kin dêr wol in funksje yn ha. It kin in ‘smaakmakker’ wêze. It kin gefoelichheden reitsje dy’t fergetten binne. Dat kin fan pre-seksuele ferealens oant ûnderfinings fan feteranen gean. Breed en ynformatyf. Tryater moat dêryn syn eigen plak fine. Tusken it mear emosjonele Nederlânske teater en it mear yntellektuele en literêre teater fan Dûtslân en Frankryk. Troch by Gasten, dat Tryater it kommende seizoen spilet in Dútsk akteur te freegjen, hellest ek in bytsje ‘Dútse smaak’ der by yn. By eintsjebeslút is it fakentiids weardefoller om net altyd nije wrâlden te sykjen, mar om  jins bekende wrâld mei nije eagen te besjen. Nei nije bylden fan Fryslân. Dêr leit wat my oanbelanget de takomst.

 

De skriuwer Oldenhof

Tryater hat foar my as skriuwer in soarte fan praktyk-oplieding west. Doe’t ik op myn seisentweintichste yn de artistike rie fan Tryater kaam, wie it ‘Kuifje in Wonderland’ foar my. Ik wie Neerlandikus, mei affiniteit foar teater. Net lang dêrnei kaam ik yn tsjinst fan Frysk Toaniel Bûn Ferbân foar skriuwbegelieding fan toanielskriuwers. Ik ha der leau ‘k sels it measte toanielskriuwen fan leard. Om’t ik it lesjaan better leare woe, joech ik my op foar in skriuwworkshop by De Voorziening – it eardere NNT – yn Grins. Ik waard de earste kear ôfwiisd. Wilco Berga en Tsjitske de Boer mochten al. It resultaat fan it twadde besykjen wie Rolbrug. Nei ’t in Nederlânsk akteur fan De Voorziening it net lêze woe ‘om ’t de skriuwer gjin Nederlânsk skriuwe koe’, bedarre it by Joop Wittermans. Dy wie fuort enthûsjast. It is oan Wieke Roorda fan Stadsschouwburg De Harmonie te tankjen dat it ek opfierd is. Doe’t myn debút fuort nominearre waard foar de Prosceniumpriis, krige ik nije kânsen.

Tryater hat net safolle betsjutten foar my as skriuwer. Dat hat alles te krijen mei myn tematyk; myn skriuwen is in yntellektuele reaksje op myn Frysk wêzen. Dat past net by Tryater. Tryater is fan it publyk.

Myn earste stikken binne troch Matthijs Rümke regissearre. Foar ferskillende selskippen. It measte skreau ik foar it jeugdteaterselskip De Citadel fan Grins. En foar regisseusse Sylvia Andringa, foar it Laagland, ek foar bern. Foar Medusa krigen we de Hans Snoeck-priis. De foarstelling spilet no yn Dútslân. Fierder: poppeteater Gnaffel, Het Volk. It is wol spitich dat de foarstellings dy’st skreaun hast yn it Nederlânsk net yn Fryslân bekend binne. Ast in priis krijst of ynternasjonaal spile wurdst, lykas no op Times Square yn New York, giet dat oan elkenien foarby.

Ik skriuw in soad foar spilers of regisseurs. Yn it Nederlânske teater hat de regisseur it primaat. Dat past goed by myn karakter. Myn Fryske achtergrûn bepaalt de tematyk ek yn myn Nederlânsktalige wurk. Sa giet de foarstelling Eik en Duin oer it ferdwinen fan ‘e kofjehuzen foar arbeiders yn De Haach. It giet altyd oer de mankelikens fan de stjerlikheid. Ik wurkje op dit stuit noch oan myn dierberste stik De glêzen brêge/The glass bridge; dêryn seit in personaazje: ‘Wêrom giet alles dea dat je dierber is?’ It antwurd: ‘Dat is net sa. Alles wat stjert, wurdt je dierber’. Dat is ek krekt wêrom’t ik graach yn it Frysk skriuw. De taal is my dierber, mear noch as dierber, om’t we him hast kwyt binne. Dat ferklearret faaks ek in grut part fan it sukses fan Tryater.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 22-24.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]