Tsien rûzige lieten út de wrâld fan Twin Peaks

Publisearre op 16 oktober 2014

ARJAN HUT – 

It wie 1990 en de hiele wrâld woe witte wa’t Laura Palmer fermoarde hie. De tv-searje Twin Peaks wie spannend, eng, grappich en oars. Net allinne it ferhaal en de bylden wienen betsjoenend, ek de muzyk (fan Angelo Badalamenti) foel tige op en hat gâns oare artysten ynspirearre. Begjin oktober brochten regisseur David Lynch en produsint Mark Frost it nijs dat de searje nei 25 jier in ferfolch krije sil. Tiid om lekker yn de ‘mood’ te kommen mei tsien ferskes út of ynspirearre troch Twin Peaks, en ien klip dy’t faaks it hiele moardmystearje en de sfear fan de show sels ynspirearre hat. (Sjoch ek: Tsien rûzige lieten út de nije Twin Peaks)

10. Julee Cruise – Mysteries of Love

Der is in ûnhuerich soad om út te kiezen. Muzyk út de searje en de film Twin Peaks, muzyk dêrop ynspirearre, fan bands neamd nei karakters út Twin Peaks, of ferskes en albums troch de akteurs sels, allerhanne earbetonen en fansels ek parodyen. Mar litte wy by it begjin begjinne.

Krij in lekkere bak swarte kofje derby, (“black as midnight on a moonless night”) en in stik kersetaart. De measte muzyk foar de searje Twin Peaks is komponearre troch Angelo Badalamenti, in Amerikaanske komponist mei Italjaanske âlders. De earste kear dat hy troch regisseur David Lynch ynhierd waard, wie lykwols net as komponist, mar as sjongcoach. Dat wie foar de film Blue Velvet, útbrocht yn 1986. Aktrise Isabella Rosselini spile in nachtklupsjongeres, mar koe eins net sjonge.

Ien fan de ferskes dy’t Rosselini sjonge moatst, wie Song to the Siren, fan de Britske groep This Mortal Coil. It ferske is skreaun troch de legindaryske, jongferstoarne sjonger Tim Buckley, de heit fan de legindaryske, jongferstoane Jeff Buckley. It is Lynch syn favorite plaat, mar it slagge him net om de rjochten te besetten. Dêrom skreaune Lynch en Badalamenti by einsluten sels in nûmer. Lynch de tekst en Badalamenti de muzyk. De sjongcoach, dy’t wilens ta soundtrack-componist promovearre wie, koe ek noch wol in wrakseljende, begjinnende sjongeres om it yn te sjongen: Julee Cruise.

Mysteries of Love is ien fan de hichtepunten op de soundtrack fan Blue Velvet. Ek it begjin fan de gearwurking tusken Lynch en Badalamenti en in dúdlike, earste oanset nei de styl dy’t letter útboud waard foar Twin Peaks: Droegen,  hast naïve, mankelike toanen, dreamjazz en film noir blues, mei in hint fan Roy Orbison.

Mysteries of Love stiet op de albums:
Blue Velvet, Original Motion Picture Soundtrack, Angelo Badalamenti (1986)
Floating into the night, Julee Cruise (1989)

9. Angelo Badalamenti – Laura Palmer’s theme

Laura Palmer’s theme is grif de bekendste melodij út it hiele Twin Peaks-universum. It is in lamentaasje op piano, mei synthesizer-strikers, dy’t like ienfâldich is as gefoelich. Badalementi hat wolris ferteld hoe’t dizze muzyk, dy’t de basis foar de sfear fan Twin Peaks foarmet, ûntstien is.

De komponist siet oan syn Fender Rhodes, mei in kassettedek dernjonken om ideeën op te nimmen. Lynch, dy’t doe dwaande wie mei it konsept foar in nije searje, in moard-mystearje yn in lytse stêd, wurktitel “Northwest Passage”. Hy omskreau oan Badalamenti wat er foar him seach en hoe’t de muzyk klinke moast.

“Wy binne yn in bosk, nacht, in sêfte wyn rûzet troch de beammen … de moanne skynt, in ûle ropt” Badalementi spilet wat ienfâldige akkoarden, “Skitterjend”, fynt Lynch daliks en hy freget oft it ek wat stadiger kin. De akkoarden bestjurje, en dan  moat it oars. “Achter de beammen wei komt in jonge frou … se hjit fan Laura Palmer … se is iensum, drôf, se komt tichter en tichter by de kamera”. De akkoarden feroarje fan toan, der komt spanning yn. In klimaks.  “… dan ferdwynt se, se falt en falt en no wer nei it bosk, de wyn, stil en mysterieus.” Badalamenti woe der thús noch oan fierder wurkje, mar it wie net nedich. In jier letter skoarde de Amerikaanske producer Moby syn grutste hit mei “Go” in dûnsplaat op in sample fan Laura Palmer’s theme.

Album:
Music from Twin Peaks (1990)

8. Angel Highway – Outside Twin Peaks

Der besteane in soad bands neamd nei karakters út Twin Peaks, lykas de Noarske metalgroep Audrey Horne, of de jazzformaasje The Dale Cooper Quartet. In oar jazz-trio spilet allinne mar Badalamenti-muzyk en neamd harsels Bookhouse, neffens The Bookhouse Boys, in geheim genoatskip yn Twin Peaks. Der is in nije, jonge rockband út Chicago, dy hjit gewoan fan Twin Peaks. Neat fan sokke ferwizings by Angel Highway, hoewol’t it byld fan in ingel of fan in sneldyk yn in film al gau ‘Lynchiaansk’ neamd wurd.

Angel Highway hat lykwols in bân mei Twin Peaks dy’t wat fierder giet as by oare, nei de searje ferwizende artysten. Jeff Moore, sjonger fan dit trio, spile earder as sessymuzikant yn Los Angeles en is ûnder oaren te beharkjen op platen fan Seals & Crofts. Letter hat er ek op de set fan Twin Peaks wurke. Under it twadde seizoen wie Moore spullebaas, oftewol ‘prop manager’. De klip foar dit ferske Outside Twin Peaks is filme yn de regio fan Snoqualmie, yn de steat Washington, dêr’t de searje ek filme is.

Album:
Outside Twin Peaks, Angel Highway (2013)

7. Angelo Badalamenti – Moving through time

Earder fan’t jier seach ik op TLC wolris nei de ’true crime’-searje Nightmare Next Door. Ien fan de tsientallen rûchwei lyksoartige reality-shows oer moarden en misdied, mar dizze foel my op troch de achtergrûnmuzyk. Dy like wol hiel bot op dy fan Badalamenti. Fansels, de ûnderwerpen fregen dêr ek om. It gong om moarden op jonge froulju, yn lytse, hechte mienskippen op it Amerikaanske plattelân, of yn lytsere stêden, doarpen, lykas Twin Peaks of Lumberton út Blue Velvet. Plakken dêr’t in libben noch telt en in moard ôfgryslik ynslacht.

Twin Peaks-imitaasjes sjocht en heart men wol mear (De earste ôflevering fan de Deenske searje Forbrydelsen / The Killing bygelyks) mar somtiden wurd ek ‘echte’ Peaks-muzyk brûkt om in sfear oan te setten. Sa hearde de goede fersteander ûnder de útsjoering “Eigen volk eerst”  fan 3Onderzoekt op woansdei 8 okober in spoekeftige fibrafoanmelody dy’t wol faker ris te hearren is ûnder reportaazjes. It hjit fan Moving through Time, de fibrafoan wurdt bespile troch Jay Hoggard.

Album:
Twin Peaks  – Fire Walk With Me (1992)

6. Fantômas – Theme from Fire Walk With Me

De searje Twin Peaks waard nei twa seizoenen fan de televyzje helle, omdat der net genôch minsken mear nei seagen. David Lynch, dy’t ûnder it twadde seizoen in soad wurk oan oaren oerliet sadat er de film Wild At Heart draaie koe, hat doe besletten fierder te gean mei in rige films, te begjinnen mei de prequel Fire Walk With Me. De film wie lykwols net in sukses, behalve yn Japan. In flop, fierste tsjuster en serieus en fans fan de searje misten de humor en de smûke sfear. De herwurdearring kaam letter, yn it tiidrek fan de dvd en de blue-ray.

De soundtrack fan Fire Walk With Me wie lykwols daliks in hit. It Britske muzykblêd NME rôp it yn 2011 noch út ta bêste filmsoundtrack fan alle tiden. De themamuzyk is fan Badalamenti, in tsjuster jazz-lânskip dat jin yn de siel krûpt. De Amerikaanse metalmaestro’s fan Fantômas namen in ferzje op foar harren cover album The Director’s Cut. Men giet op dy plaat ek los op The Godfather, Das Golem en Ave Satani út The Omen.

Albums:
Twin Peaks  – Fire Walk With Me (1992) (origineel)
The Director’s Cut, Fantômas (2001)

5. You Say Party – Laura Palmer’s Prom

De populaire band Bastille brocht noch net sa lang lyn in single út ûnder de titel Laura Palmer, mei in klip fol mei Twin Peaks-achtige tastannen. It wie foar in soad ‘haters’ op sociale media oanlieding om in oprop te dwaan oan artysten: hâld ris op mei dy útkôge Twin Peaks-ferwizingen!

Gelokkich wie dizze fideo fan de band You Say Party doe al lang ferskynd. De band komt út Kanada en hjitte earder fan You Say Party – We Say Die! De muzyk wurdt dominearre troch in ‘peaksy’ toetsepartij en de klip is opboud as in ôflevering fan de searje, ynklusyf de optiteling mei griene letters en bylden fan in houtseagerij en in wetterfal. En in Julee Cruise-imitaasje!

Album:
XXXX, You Say Party(2009)

4. Anthrax – Black Lodge

De manlju fan de New Yorker thrash-metal helden Anthrax binne grutte fans fan David Lynch. Sy skreaune al ris in ferske oer Frank Booth, de skurk út Blue Velvet. Dat nûmer hjit fan Now it’s dark en heart ta de populairste ferskes út it oeuvre fan de hollebatsers. Ek Twin Peaks foel yn de smaak. Dus Anthrax skreau nochrisom in nûmer, diskear ynspirearre troch The Black Lodge, it mytyske plak tusken twa wrâlden, dat ien kear yn 25 jier yn de bosken om Twin Peaks de mistige doarren iepen set.

Ynstee fan ‘inkeld’ in earbetoan of in ferwizing, gie de bân no in hiele stap fierder. Nimmen oars as Angelo Badalementi arranzjearre Black Lodge en spile ek toetsen en gitaar op it nûmer. Black Lodge kaam út as single. Jenna Elfman spile in rol yn de klip, dy’t nominearre waard foar in doedestiids tige prestisjeuze MTV-award. Dy award gie lykwols nei de fideo by Soundgarden’s Black Hole Sun, ek al in Lynchiaanske tastân.

Album:
Sound of White Noise, Anthrax (1993)

3. Jimmy Scott – Sycamore Trees

Ferline jier ferstoar jazz-sjonger Jimmy Scott. Hy waard 88 jier. It aparte oan Scott, waans karjêre al yn de jierren fjirtich begong, wie dat er troch in oandwaning lyts fan stik en heech fan stim bleau. In soad sukses hie er net. Ferskate platen dy’t er opnaam ferskynden by einsluten net of mochten om bizarre redenen net ferkocht wurde. Pas doe’t er yn 1991 op de begraffenis fan syn freon Doc Pomus song, waard er ‘ûntdekt’ troch in platebaas dy’t dêr ek wie.

Sycamore Trees klinkt as in âlde jazz-evergreen, mar is speciaal foar Twin Peaks skreaun troch Lynch en Badalementi. It ferske komt foar yn de lêste ôflevering fan de searje en Jimmy Scott is deryn te sjen en te hearren as sjonger yn de Black Lodge.

Album:
Twin Peaks  – Fire Walk With Me (1992)

2. Julee Cruise – Into the Night

De soundtrack fan Twin Peaks wie sa populêr, dat guon ferskes dêrfan op single ferskynden en hits waarden. Yn Nederlân wie Falling de grutste hit. Yn jannewaris fan 1991 kaam de single, yn feite de ynstrumintale Twin Peaks-theme foarsjoen fan sang, op it tweintichste plak yn de top 40. Letter, yn oktober fan itselde jier, waard it nochris in hitsje en kaam sels oant nûmer 16.

Cruise makke twa albums mei ferskes skreaun troch Badalamenti en Lynch, Floating into the night (1989) en The voice of love (1993). In soad ferskes binne krekt as Falling tige bekend wurden: The Nightingale, Questions in a world of blue, The world spins, Rocking back inside my heart. Mar de moaiste is faaks dochs it tige hypnotisearjende Into the Night, dat de harkers yn trance bringt, om harren oan de ein mei in skok … nee, soks moat in ferrassing bliuwe. De ûndersteande ferzje fan Into the Night komt út Lynch syn muzykfilm Industrial Symphony no. 1, dêr’t Cruise as in ingel yn omsweeft.

Albums:
Floating into the night, Julee Cruise (1990)
Music from Twin Peaks (1990)

1. This Mortal Coil – Acid, Bitter and Sad

Dat der in hiel soad muzyk ynspirearre is op Twin Peaks, mei wol dúdlik wêze. It is net altiten like helder oanjoen fansels. The Wooden Lodge, bygelyks, fan de Noarske band The 3rd and the Mortal, klinkt as Twin Peaks mar dat kin fansels ek tafal wêze. En de obskuere Nederlânske progrockband Bagheera naam ris in ynstrumintaal ferske op dat hjitte fan How’s Annie?, neffens my omdat … o nee, gjin spoilers!

Mar is Twin Peaks ek noch earne op basearre? Laura Palmer’s theme wurdt wolris ferlike mei Samuel Barber’s Adagio for Strings en ek wol mei Crockett’s theme, út Miami Vice. Alde film noir soundtracks, jazz en blues, it sit der allegear wol in bytsje yn. Lynch syn favorite plaat is Song to the Siren fan This Mortal Coil (sjoch ek#10). Dizze troch Liz Fraser songen ferzje fan in ferske fan Tim Buckley woe er brûke foar Blue Velvet, mar hy krige doe de rjochten net. Letter siet it al promiminint yn syn film Lost Highway (1997), mar it stie net op de soundtrack.

This Mortal Coil wie in gelegenheidsproject fan ferskillende muzikanten dy’t by platelabel 4AD sieten. Yn 1987 brocht 4AD in fideobân út mei klips troch bands út de eigen stâl, lykas Dead Can Dance en Cocteau Twins. Der stie ek in swart-wyt fideo op fan This Mortal Coil. Dy sil Lynch, krekt klear mei Blue Velvet en ta oan wat nijs, fêst sjoen ha. It binne sfearyske bylden, like dreamerich as nachtmerje-achtich, fan in bosk, de wyn en in jonge frou dy’t achter de beammen wei komt en op de kamera ta rint. Krekt itsoarte fan bylden dat Lynch oan Badalamenti fuorre by it sketsen fan Laura Palmer’s theme (sjoch ek #9). Boppedat dogge de bylden fan in jonge frou ûnder wetter tinken oan it oanspielde lichem fan Laura, sa’t sy fûn wurdt oan it begjin fan de earste ôflevering. Of net?

Album:
Filligree and shadow, This Mortal Coil (1986)

BONUS: Brussels Philharmonic – Twin Peaks Suite

Wa’t syn nocht noch net fan Twin Peaks-muzyk ôf hat, hjir noch in bysûndere, Belgyske bydrage. Yn 2010 brocht de Brussels Philharmonic ûnder lieding fan dirigent Dirk Brossé  in album út mei bewurkings fan Badalamenti syn film muzyk. Fansels koe in Twin Peaks-suite net ûntbrekke. De suite, en meardere stikken fan it album, wurde noch geregeldwei opfiert, ûnder oaren op it filmfestival fan Lucca yn Itaalje, minder as in moanne lyn.

Album:
Angelo Badalementi – music for film and television, Dirk Brossé & Brussels Philharmonic (2010)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels